Efter it tried

Efter it tried voorzijde
Efter it tried achterzijde
  • Efter it tried voorkant
  • Efter it tried achterkant

Efter it tried is in yndrukwekkend, ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, dêr’t Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsintraasjekamp Amersfoort yn werjout. Yn it boek wurde autobiografyske sketsen ôfwiksele mei seis gedichten, wêrûnder it lange, sprekkende gedicht ‘Transport nei Neuengamme (9 septimber 1944)’. Van Tuinen jout in yngeand byld fan it deistige libben yn de barakken. Der is it wachtsjen, it omhingjen, it sinleas wurk – lykas it meitsjen fan boartersguod – de appèls yn ‘it roazetún’, it beruchte tún dêr’t kampfinzenen bytiden, waar of gjin waar, dagen oanien delset waarden, sûnder iten en drinken. Passaazjes oer dat soarte strafeksersysjes ûnder lieding fan de Dútske SS’er en plakferfangend kampkommandant Joseph Kotalla, oftewol de boal fan Amersfoart, treffe jin djip likegoed as de yngeande, op solidariteit boude kampfreonskippen. Elske Schotanus beskriuwt yn de ynlieding wa't Reimer van Tuinen wie: túnker, fersetsman en skriuwer. Fan twa fan syn Fryske kampmaten, dêr't hy de häftlinge-nûmers fan neamt, is beskreaun wa't it west ha. Beide, Hein Sietsma en Hendrik Bethlehem, ha de oarloch net oerlibbe.

Specificaties
ISBN/EAN 9789491536748
Auteur Reimer van Tuinen
Uitgever Louise, Uitgeverij
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering Gebonden in harde band
Pagina's 128
Lengte 220.0 mm
Breedte 147.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.