Sa'n tuzen blauwe skriften

biografy fan Reinder Brolsma

Sa'n tuzen blauwe skriften voorzijde
Sa'n tuzen blauwe skriften achterzijde
  • Sa'n tuzen blauwe skriften voorkant
  • Sa'n tuzen blauwe skriften achterkant

Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn dochter, syn pakesizzers en oare famylje en kunde. Sa is in boek ûntstien dat in rykdom oan ynformaasje jout oer Brolsma syn libben en wurk. De skriuwer waard berne te Stiens en swalke as ferversfeint hiel Fryslân troch, ear't er ferversbaas waard, earst yn Lichtaard en letter yn Akkrum. Dêrnei slagge er yn Ljouwert oan wurk, wylst er syn liddige oeren wol sa'n tûzen blauwe skriften folskeau. Omtrint yn alle Fryske tydskriften wie wurk fan syn hân te finen. Net earder as yn 1936 koe er de kwaste dellizze en waard er sjoernalist. Benammen troch syn rubriken yn de Hepkema-kranten wie er de meastlêzen skriuwer fan syn tiid. Troch syn skriuwerskip moast er yn 'e oarloch kieze. Hy sleat him oan by de Fryske Rie en oanfurdige de Harmen-Sytstrapriis út hannen fan de besetters. Foar syn kar krige hy nei de oarloch in publikaasjeferbod fan oardel jier. By de lêzers en syn kollega's bleau syn wurk populêr sa't by de huldiging ta gelegenheid fan syn santichste jierdei yn 1952 dúdlik nei foaren kaam. Sa'n tûzen blauwe skriften is in moderne skriuwersbiografy dy't troch de treflike dosearring fan de ynformaasje noflik lêst. It is in `must' foar elkenien dy't niget hat oan 'e Fryske literatuer.

Specificaties
ISBN/EAN 9789089544018
Auteur Doeke Sijens
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering E-Book
Pagina's 384

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.