Seehavens en havensteden
fan Shanghai en Rotterdam nei Harns
Seehavens en havenstêden giet oer de skiednis fan havens en havenstêden yn it algemien, mar om it byld konkreet te meitsjen giet de skriuwer yn it lêste part fan it boek djipper yn op trije bekende havenstêden - Shanghai, Rotterdam en Harns. Dêrby komme sawol de skiednis fan de stêd as fan de haven oan bod. Yn de trije stêden binne alle eleminten fan in havenstêd werom te finen en tagelyk fertsjintwurdigje se wat geografyske lizzing en kultuer oanbelanget in breed ferskaat. Spesjale oandacht kriget de skiednis fan de haven fan Harns, dy't beskreaun wurdt fan it iere ûntstean as hannelsbuorskip yn de midsieuwen oant en mei de moderne tiid mei it plan foar terminals foar cruise-skippen. Jaap de Jong is seekapitein en hat al ferskillende maritime publikaasjes op syn namme. Syn lêst ferskynde boek hannele oer it seerjocht.
ISBN/EAN | 9789082073850 |
Auteur | Jaap de Jong |
Uitgever | Wijdemeer Louw Dijkstra |
Taal | Westerlauwers Fries |
Uitvoering | Gebonden in harde band |
Pagina's | 192 |
Lengte | 254.0 mm |
Breedte | 174.0 mm |